Quantcast
Channel: Praat mar Frysk
Viewing all articles
Browse latest Browse all 178

Praat mar Frysk op it Hitzargiak-kongres yn Donostia

$
0
0

Op 23 en 24 juny waard yn Donostia (San Sebastian) it Hitzargiak-kongres organisearre. Op it kongres waarden allerhande ‘best practices’ presintearre dy’t te krijen hawwe mei taalpromoasje. Neist minsken út Baskelân wiene der ek dielnimmers út Estlân, Kasjoebië, Firulië, Bretanje, Kataloanje, Wales, Ierlân, Skotlân en de Elzas. Tige ynternasjonaal dus. Praat mar Frysk waard dêr ek as best practice nei foaren helle. Us Mirjam hat dêr in presintaasje oer jûn en ek noch wat ferteld oer de kursussen Frysk fan de Afûk.

Der wiene yn dy twa dagen sawat 45 presintaasjes te sjen oer lytse talen yn it bedriuwslibben, meartalich grutbringen fan bern, taalpromoasje en sport, ynnovaasje en technyk, media ensfh. It folsleine programma en de best practices fan Hitzargiak binne hjir te finen.

Wy hawwe in hiel soad nije ideeën opdien dy’t wy yn de takomst ek fierder útwurkje sille mei help fan ús kollega’s út de rest fan Europa!


Viewing all articles
Browse latest Browse all 178

Trending Articles


Te koop: De Wylch 4, Burgum