It doel? It Frysk sichtberder en hearberder meitsje rûnom yn de Provinsje en dêrbûten en bedriuwen oanmoedigje it Frysk faker te brûken en elkoar te ynspirearjen.
En dêr helpe wy fansels graach by!
Sa gienen wy earder dit jier gienen wy al yn petear mei Bedriuwesintrum Lauwersdelta, 8D-Games, Jacob Mannenmode, Dierenartsenpraktiijk Reduzum-Grou, Harkemase Boys, Doniastate Stiens, Arriva, Wetterskip Fryslân en Holland Casino om mei harren te sjen wat it #Frysk opsmite kin en hoe’t je it #Frysk binnen en bûten je bedriuw sichtberder meitsje kinne. En dat smiet prachtige ideeën en gearwurkingen op!
Wolsto ek ris mei ús om ‘e tafel om te sjen wat it #Frysk foar dy betsjutte kin? Of wolst ek mear mei it #Frysk mar witst net krekt hoe? Stjoer ús in mailtsje, wy helpe graach!