Quantcast
Channel: Praat mar Frysk
Viewing all articles
Browse latest Browse all 178

Jim winkel ek folslein yn it #Frysk? Wa docht mei?

$
0
0

Watfoar supermerkûndernimmer, of supermerkûndernimmers wolle tegearre mei ús sjen hoe’t we it Frysk en de meartaligens fan Fryslân better sichtber meitsje kinne yn harren winkel(s)?

Yn it bûtenlân is it faak gewoan om meardere talen sjen te litten op strjitte, mar ek yn winkels. Sa is it yn Baskenlân alhiel net frjemd dat in supermerk fjouwertalige opskriften en beboerding hat. En ek yn Ost-Friesland wurdt it Heechdútsk en it Ostfriesisisches Platt gewoan njonken inoar brûkt. Sa binne der sûnt koart 10 winkels yn dy regio dy’t opskriften en beboerding yn it Ostfriesisches Platt hawwe.

By dizze winkels kinne de klanten it Ostfriesisches Platt fansels brûke en binne ek der in soad streekprodukten. De earste winkel fan supermerkketen Edeka (eigen winkels en franchisenimmers) dy’t dit konsept brûkte waard in grut súkses. Der wie in bettere bining mei de fêste klantenkring, der kamen mear klanten út de omlizzende doarpen en ek toeristen kinne it bot wurdearje. Foar de omset wie dat goed nijs. Koarte tiid letter binne der dan ek al njoggen oare winkels dy’t in fergelykber konsept hantearje yn de winkel en de taal mear sichtber meitsje.

Soe dit yn Fryslân ek slagje?


Viewing all articles
Browse latest Browse all 178

Trending Articles


Te koop: De Wylch 4, Burgum